• grou 03

Grou, it meast pittoreske wettersportdoarp yn it midden fan Fryslân. In doarp mei in unyk histoarysk karakter, wêr’t gastfrijens foarop stiet. Der is grut ferskaat oan gesellige restaurants, in breed winkeloanbod en der binne in protte bedriuwen. Winkelje, lekker ite, sile, farre, fytse, boattochten, musea en mear. Fanôf de A32, mei de trein en oer it wetter is Grou foar eltsenien makkelik te berikken! Graach oant sjen yn Grou!

Twadde edysje WK Klunen

Twadde edysje WK Klunen

Op sneon 18 jannewaris is de twadde edysje fan it WK Klunen. It 748 meter lange parkoers giet troch it âlde sintrum fan Grou en bestiet út in 2 meter breed tapyt. De organisaasje sil de rûte oanklaaie mei ûnder oaren it brêgje fan Bartlehiem en de Snitser wetterpoarte.