It Doarp Grou

Grou, hert fan Fryslân

It sfearfolle pittoreske doarp Grou leit yn de gemeente Ljouwert, midden yn it griene hert fan de provinsje Fryslân. Grou hat sirka 6500 ynwenners. Oant 1 jannewaris 2014 makke it doarp diel út fan de ophefte gemeente Boarnsterhim. As jo no toerist, bewenner of ûndernimmer binne, yn Grou is fan alles te ûntdekken. Op dizze site fine jo in protte ynformaasje oer de fasiliteiten yn it doarp en wat Grou sa bysûnder makket.

Grou hat in gesellige doarpskearn mei ferskate winkels en in brede kar oan gesellige restaurants en in protte nijsgjirrichheden. Der is in grut bedriuwenterrein, twa basisskoallen en fuortset ûnderwiis, in biblioteek, in moderne sporthal en ferskate sportfjilden. Koartsein, in doarp mei in protte mooglikheden en potinsje.

Om Grou hinne leit prachtich wetter; de Pikmar, it Nasjonaal Park De Alde Feanen en it Prinses Margrietkanaal. It kanaal dat de ferbining mei plakken as Snits, Earnewâld, Drachten en Ljouwert ek oer it wetter tige goed mooglik makket.

Net allinnich oer it wetter is Grou poerbêst te berikken. Fia de A32 berikke jo Grou ienfâldich fanôf Hearenfean, Drachten, Snits en Ljouwert. De ideale bus- en treinferbining makket it plaatsje kompleet, sadat Grou ek mei it Iepenbier Ferfier goed te berikken is. Moai om te witten is it feit dat jo yn Grou fergees parkeare kinne en der rûme parkeargelegenheid is. Graach oant sjen yn Grou!

In stikje histoarje

Grou is neamd nei de útrinner fan de Pikmar mei deselde namme en lei eartiids tige isolearre. It âlde part fan it doarp leit op in terp. Dizze terp is rûn it jier 1000 ferhege. Pas yn 1842 waard de wei ferhurde en koe men fanôf de terp rjochting Jirnsum komme. It spoar waard yn 1868 oanlein, sadat ek transport oer de wei mooglik wie. Grou wie doe al ien en al wettersport. Der wennen in protte fiskers, skipsbouwers en seilmakkers. Tsjinwurdich is Grou in bloeiend wettersportdoarp mei ferskate yndustry en in grut oanbod oan wettersport en rekreaasje ferbûne bedriuwen.

Oud Grou

Grou, in doarp mei in eigen karakter

Neist de wettersport kinne jo yn Grou ek in oantal tige karakteristyke plakken besykje. De prachtige Sint Pitertsjerke is der ien fan. De 12e ieuwse sadeldaktoer stiet midden yn it sintrum. Ek it froegere Riedshûs oan de Stasjonswei stiet op de list fan ryksmonuminten, in ûntwerp fan de arsjitekt Kropholler. As jo mear ynformaasje wolle oer de ferskate ryksmonuminten yn Grou en oare nijsgjirrige dingen yn de omkriten, dan binne jo by it Museum" Hert fan Fryslân" oan it juste adres.

It Wilhelminapark

Yn de 19e ieuw is it Wilhelminapark ûntwurpe troch Gerrit Vlaskamp, in park mei in protte bisten en moaie fiverpartijen. It boarstbyld dat jo by it park fine, is fan Dr. Eeltsje Halbertsma.Hy wie in bekende Grouster doarpsdokter, dichter en skriuwer. Hy skriuw û.o. it Grouster folksliet, de Grouster Weagen en it Fryske folksliet.

De bruorren Halbertsma, Eeltsje, Joost (dûmny) en Tsjalling (keapman) skriuwen û.o. it bekende boek "Rimen en Teltsjes", in samling fan Fryske gedichten en ferhalen. Hja ha in protte betsjutten foar de Fryske taal en kultuurhistoarje. Broer Hidde wie de grûnlizzer fan de bekende Halbertsmafabrieken.

Wa is Sint Piter?

In echte Grouster tradysje is it Sint Piterfeest (te ferlykjen mei it Sinterklaasfeest). Sint Piter is fan oarsprong de beskermhillige fan fiskers en skippers en komt jierliks nei Grou om foaral de bern in kadootsje te bringen. Op de sneon foarôfgeand oan syn jierdei komt Sint Piter oan op de Nije Kade yn Grou. Syn jierdei is op 21 febrewaris, wat tagelyk de dei is dat hy wer útswaaid wurdt. In protte ynwenners fan Grou fiere dizze dei it Sint Piterfeest. It doarp stiet tidens de besite alhiel yn it teken fan Sint Piter en syn Swarte Pyt. Foar mear ynformaasje oer de festiviteiten tidens Sint Piter sjoge jo op www.sintpiter.nl.

Sint Piterkerk

Wettersport

Om Grou hinne is hast oeral wetter en dêrtroch de ideale útfalsbasis foar mannich wettersporter. Binnen in pear minuten farre jo midden yn de natoer. Net allinnich de bekende Pikmar, mar ek de prachtige wrydske eachopslach op de Wide Ie sil jo mei elke wynkrêft boeien bliuwe.

De wettersportaktiviteiten yn Grou stean foaral yn de simmer sintraal, mar al betiid yn it jier fine fanatyke wettersporters harren wei nei Grou. Der binne ferskate wettersportferieningen foar jong en âld, mar in protte minsken kinne Grou fan it jierliks weromkommende evenement, it Skûtsjesilen.Nei âlderwenst begjint de earste wedstriid fan de kompetysje tusken in groep autentyke skûtsjes fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) yn Grou. In prachtich fjild platboaiemskippen mei grutte seilen dy't de wyn stean. In moai evenement dat jo wis in kear mei meitsje moatte. It Skûtsjesilen wurdt yn Grou foarôfgien troch de Skûtsjewike, wêrby in wike lang festiviteiten op en rûn it wetter organisearre wurde. As jo der ien kear west binne, komme jo der elk jier foar werom.

As jo Grou mei de boat besykje dan kinne jo oanlizze yn ien fan ús moderne en gesellige havens. It pitoreske sintrum en de supermerken binne ienfâldich en op rinôfstân te berikken.By de haven neist it Sylsintrum, oan de eastkant fan Grou, is in swemstrân en in boarterstún foar de bern. Foar it hieren fan in boat kinne jo terjochte by ien fan ús boateferhierbedriuwen. Sykje jo de brêgetiden? Us havenmasters ynformearje jo graach!