Ite & Sliepe

Wolle jo ris in lekker moarnsmiel, kofjetafel of dinearje yn in gesellich wettersportdoarp yn Fryslân? Yn Grou ha jo in romme kar oan restaurants dêr't jo hearlik tafelje kinne.Dinearje oan it wetter, in gesellich moarnsmiel of bôle ite op in terras yn de kearn fan it gesellige sintrum of oan it wetter. Yn Grou kinne jo kieze út ferskate keukens. It is kulinêr genietsjen, in lekkere pizza of oerhearlike deihap, yn Grou kieze jo foar betelbere kwaliteit. Der binne dêrneist foldwaande mooglikheden om de jûn goed ôf te sluten yn'e gesellige kaffees en yn 'e diskoteek.

Kom ris ( sfear-) priuwen yn Grou. Us ûndernimmers ûntfange jo graach en gastfrij.