Baggeren Pikmeer en Rjochte Grou

Baggeren Pikmeer en Rjochte Grou

Kommende winterperioade sil it fargebiet Pikmar, Tynje en Rjochte Grou wer op djipte brocht wurde. It ûnderhâld oan dit farwetter is de ôfrûne jierren útbleaun.

De gemeente Boarnsterhim hat tegearre mei de provinsje Fryslân op 14 novimber lêstlyn it startsein jûn foar dit projekt. It is in opstekker foar de toeristyske oantreklikheid fan Grou.De hjoeddeistige fardjipte is op plakken net genôch foar sylboaten. Nei it baggerjen is de Pikmar tagonklik foar grutte ( seil) boaten. Ek de kommisje Grouster skûsjesilen is bliid mei de ferdjipping fan it farwetter. Jo kinne straks op de hiele mar in "swurd stekke"en dat is goed foar de wedstriid.