Nije fytsbrêge oer de Rjochte Grou

Nije fytsbrêge oer de Rjochte Grou

Troch in ûnferwachte fertraging sil de fytsbrêge oer de Rjochte Grou letter klear wêze dan foarsjoen. De ferwachting is no dat de brêge yn de rin fan april klear wêze sil.

Omdat it toeristysk seizoen dan al op gong komt, is de hoop festige op dy datum en dat fierdere fertraging foarkommen wurdt. No moatte de fytsers en kuierders noch lâns de drokke rûte fan it bedriuwenterrein wêrtroch se sirka 1,5 kilometer ekstra ôflizze moatte. De brêge is al sûnt april 2012 stremd.