Twadde edysje WK Klunen

Twadde edysje WK Klunen

Op sneon 18 jannewaris is de twadde edysje fan it WK Klunen. It 748 meter lange parkoers giet troch it âlde sintrum fan Grou en bestiet út in 2 meter breed tapyt. De organisaasje sil de rûte oanklaaie mei ûnder oaren it brêgje fan Bartlehiem en de Snitser wetterpoarte.

De twa belangrykste rigels by dit evenement binne dat der net treaun en lutsen wurde mei en dêrneist is it net tastien om op iishockey- of kunstredens diel te nimmen. Fia de website fan it WK Klunen wurde jo op de hichte hâlden fan de nije ûntwikkelingen en de oanmeldingsprosedure.