Brêgetiden

De measte brêgen yn Fryslân wurde betsjinne fan 1 april oant 1 novimber. De folgjende tiden binne hjirby fan tapassing, Under foarbehâld fan wizegingen.

  • 09.00 – 16.15 oere
  • 17.15 – 19.00 oere (yn juny, july en augustus oant 20.00 oere)

Inkele brêgen yn Fryslân wurde op ôfstân betsjinne; dit jildt ek foar de (spoar)brêge yn Grou. Troch op de knop foar de brêge te drukken, kinne jo de brêge iepenje.

Foar ynformaasje oer de Fryske wetters kinne jo terjochte op www.fryslan.nl. Hjir kinne jo ek in wiidweidige wettersportbrosjuere downloade. Tagelyk is der in App "Wettersport" mei fan alle soarten nijsgjirrichheden oer de wettersport yn Fryslân. Dat is handich, want dan ha jo altyd aktuele ynformaasje by de hân. Ynformaasje oer brêgetiden, stremmingen en plakken wêr't jo feilich swemme kinne. De App is fergees te krijen foar Apple en Android.

Aktuele ynformaasje oer tydlike ôfwikingen en stremmingen op it wetter kinne jo fine op www.fryslan.nl.