Farre

Grou, wettersportdoarp by útstek

Grou is ít wettersportdoarp by útstek! In gesellich doarp midden yn Fryslân mei prima fersjennings. Binnen inkele minuten farre jo midden yn de natoer mei de rêstjaande wiidse eachopslach fan de Pikmar en de Wide Ie

Farwegen en farrûtes rûnom Grou

Fryslân hat mar leafst 647 kilometer oan farwegen en is dêrmei de meast wetterrike provinsje fan Nederlân. Oeral om Grou hinne is wetter. Farrûtes, dy't jo lâns de prachtige natoer en yndrukwekkende feangebieten fan Fryslân bringe. Jo kinne in eigen rûte útstippelje, mar jo kinne ek ús havenmaster freegje nei de folle mooglikheden. In moaie rûte dy't jo lâns Grou liedt is bygelyks de populêre Steande mêst rûte.

Foar grutte farkaarten fan de Fryske Marren kinne jo terjochte by Boekhannel Bruna yn Grou. Neist farwegen wurde op dizze kaarten ek de slûzen, brêgen en brêgetiden oanjûn, ynklusyf de hichte fan de brêge. Dan komme jo net foar ferrassingen te stean.

In oantal moaie farrûtes binne:

  • De Alvestêde(tocht)rûte; tidens dizze rûte farre jo it grutste part fan de Alvestêderûte. In ûnferjitlike Fryske útdaging! Ek sonder iis!
  • De rûte troch it Nasjonaal Park De Alde Feanen.
  • De Middelseerûte; in moaie historyske rûte troch it kweldergebiet fan de eartiidse Middelsee yn Fryslân. Dizze rûte is part fan de Alvestêdetochtrûte.As jo de drokte fan it Prinses Margrietkanaal omsile wolle dan is dizze historyske rûte tusken Ljouwert en Snits in prachtich alternatyf. Underweis kinne jo op ferskate plakken jo tocht oangenaam ûnderbrekke.
  • De steande Mêst Rûte Fryslân; dizze rûte makket it mooglik dat jo mei in steande mêst fanút Ljouwert nei it suden fan Fryslân farre kinne. Meitsje Fryslân op syn moaist mei. Belibje op en top wetterrike natoer!

De farrûtes yn Fryslân fine jo fia www.friesemeren.nl