Fytsrûtes

Schipper mag ik over varen…

Tank sij de pont fan Gastfrij Grou stekke jo ienfâldich oer fanôf it Wettersportpark Yn 'e Lijte nei de Hellinghaven. Yn in pear minuten rinne jo nei it gesellige sintrum.

De pont giet fuort fanôf restaurant de Vrijheid en fart fan april oant ein septimber dageliks tusken 10.00 oant 18.00 oere. De pont is eigendom fan 'e stifting Grou Aktief en is ûnderdiel fan de pontsje rûte de 8 fan Grou.

De 8 fan Grou

De acht fan Grou kinne jo fytsend , mar ek rinnend ôflizze. De ôfstân fariearret fan 28 oant 45 kilometer. De rûte dy 't fansels yn 'e foarm fan in 8 makke is, is in aardige ûnderfining foar jong en âld. Underweis komme jo lâns 10 pontsjes. Twa fan dizze pontsjes farre op sinne-enerzjy, ien pont is in selsbetsjinningspont. De 8 fan Grou wurdt ek de "pontsje-rûte" neamd. Farre mei de pont jout in ekstra diminsje oan jo fytstocht. In ûnderfining dy't jo net misse meie!

Foar mear ynformaasje oer de 8 fan Grou geane jo nei www.grouaktief.nl.