Havens

Foarsjenningen passantenhaven Grou

As passant ha jo yn Grou de kar út fjouwer moaie havens. Jo kinne oanlizze yn de Pikmarhaven, de Hellingshaven,de Nije Kade of de Súderkade. Yn eltse haven ha jo de beskikking oer prima sanitère foarsjenningen, ek de wetter- en elektrisiteitsfoarsjenningen binne goed regele. De iepenbiere sanitère fine jo yn it doarp oan de Meersweg neist It Teehûs, yn it sintrum ûnder de Muzyktinte (op it Halbertsmaplein) en yn de kelder fan it driuwende Sylsintrum oan de Wilhelminastrjitte. Welke haven jo ek kieze, se binne allegear op rinôfstân fan it gesellige sintrum fan Grou.

Fergees online fia Hotspots

Yn de Pikmarhaven, de Hellingshaven en de Nije Kade kinne jo gebrûk meitsje fan fergeze ynternetfoarsjenningen fia hotspots. As jo tillefoan of laptop beskikt oer Wifi, dan kieze jo it triedleaze netwurk Boarnsterhim Hotspot of Zelfcare.nl. Jo starte dêrnei jo internet browser troch op de knop te drukken op de inlogpagina.

As jo fragen ha oer de ynternetfasiliteiten, dan kinne jo terjochte by de havenmaster.

Foar oernachtingen yn de havens binne jo lisjild ferskuldige. De havenmaster is eltse dei oanwêzich yn it havenkantoar en komt oan it ein fan de middei of it begjin fan de moarn by jo lâns. Jo kinne de havenmaster ek tillefoanysk berikke fia 06-53151298 of This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.. Dêrneist binne in protte aktiviteiten fan de havenmaster te folgjen fia twitter@havengrou.

Mear ynformaasje oer de havens yn Grou fine jo op www.havengrou.nl.

Sylsintrum Grou

Unyk yn Grou is it driuwende Sylsintrum Grou. In sylakkomodaasje foar in breed wettersportpublyk mei in prachtige havenfoarsjenning. It sylsintrum wurdt brûkt tidens de sylwedstriden fan û.o. it KVV Frisia en tsjinnet as útfalsbasis foar jeugdsyltrainingen. Dêrneist biedt it rûmte as kursussintrum, sadat men ek de teory fan it silen ûnder de knibbel krije kin.

It wettersportynisjatyf fan KVV Frisia "Alles is mooglik"hat ek syn ûnderdak yn it Sylsintrum. Hjirtroch kinne ek minsken mei in beheining silen leare. In moai ynisjatyf! It sylsintrum is rolstoelfreonlik en hat de foarsjenningen om oanpast silen oan te bieden. De sanitère foarsjenningen fan Sylsintrum binne fergees tagonklik foar wettersporters en besikers fan it rekreaasjestrân de Blikpôle.

Marrekrite mooring places

Are you already aware of the free berths of the Marrekrite? And do you prefer a quiet cove surrounded by nature? Then consider about one of the beautiful places of the Marrekrite organization. The Marrekrite provides for the management and maintenance of free mooring places in the nature and development of new mooring facilities. They also provide uniform bridge and lock control and for the waste and the removal of the recreation deck. At present there are in Friesland such a 3500 free moorings on 285 locations. Ofcourse there are a few rules where you have to stick to. This can be found on www.marrekrite.nl. You can use up to 3 days the same location.

Marrekrite oanlisplakken

Binne jo al op 'e hichte fan de fergeze oanlisplakken fan de Marrekrite? En jouwe jo de foarkar oan in rêstich oanlisplak midden yn de natoer? Oerwaach dan ris ien fan de moaie oanlisplakken fan de Marrekrite organisaasje. De Marrekrite soarget û.o. foar it behear en ûnderhâld fan frije oanlisplakken yn de natoer en de ûntwikkeling fan nije oanlisfoarsjenningen. Sy soargje ek foar unifoarme brêge- en slûsbetsjinning en foar it meanwurk en de ôffier fan it rekreaasjeôffal. Op dit momint binne der yn Fryslân sa'n 3500 frije oanlisplakken op 285 lokaasjes. Fanselssprekkend ha jo jo as gast wol oan in oantal rigels te hâlden. Dizze kinne jo werom fine op www.marrekrite.nl. Jo kinne maksimaal 3 dagen gebrûk meitsje fan itselde lisplak.

Feilich op it wetter

Wat kinne jo dwaan as der in persoanlik ûngefal plakfynt by in Marrekrite oanlisplak yn de natoer? Ek dan belje jo mei 112. Foar jo feilichheid hat de Marrekrite ôfspraken makke mei de plysje fia it algemiene alarmnûmmer. De nûmers fan alle Marrekrite foarsjenningen binne bekend by de 112 sintrale. As jo yn need binne, jouwe jo fia 112 simpelwei it unike nûmer fan it Marrekrite lisplak troch.

Mei dit ienfâldige systeem binne jo altyd te finen troch de helptsjinsten fan de provinsje Fryslân. Foar mear ynformaasje oer de Marrekrite organisaasje ferwize wy jo nei www.marrekrite.nl.