Kuierrûtes

Paad troch Grou

Yn Grou kinne jo de rûte "Paad troch Grou"rinne. It "Paad troch Grou" is in rinrûte lâns 21 histoaryske pânnen. Op de karakteristike pânnen binne troch Pleatslik Belang ( Ned. Plaatselijk Belang Grou) oanpaste ANWB- gevelbuorden pleatst.De nijsgierrigheden fan dizze prachtige pânnen binne beskreaun yn it boekje "Paad troch Grou". In echte oanrieder as je mear lêze wolle oer dizze monuminten. Jo kinne it boekje, dat foarsjoen is fan in plattegrûn,keapje by de boekhannel Bruna.

Wat betsjut de gevelstien fan de hellingbaas?

By de Hellingshaven fine jo it pân fan de eartiidse hellingbaas Johannes Jurgensz. Op de gevelstien sjogge jo it berop fan de keapman útbylde. Dit is ien fan de moaiste gevelstiennen, dy't jo tsjinkomme tidens it "Paad troch Grou". Op de helling by dit pân binne foarhinne in protte kofskippen bout.

In 1790 is it pân yn gebrûk naam as herberch "Het wapen van Grou ". Kastleinen Thomas Brouwer, Geert Sytema en Johannes Elzinga gean de revu foarby, dêrnei is it pân omboud ta garaazje, taksjebedriuw en in winkel.

Op paad lâns it âlde Postkantoar

Ek it eardere postkantoar makket diel út fan it "Paad troch Grou". De helppost- en tillegraaftsjinst waard yn 1876 gearfoege yn it pân oan'e Haadstrjitte.Yn 1884 waard de status fan it pân ferhege ta post- en tillegraafkantoar mei as earste direkteur de heer J.J. du Saar. Yn 1896 ferhuze de tsjinst nei it Halbertsmahûs oan it eartiidse "Koemarkt" wat no it Halbertsma's Plein is. Dêrnei is it âlde postkantoar oernaam troch drukkerij Fa. Van der Spoel en Co. Nei jierren is it postkantoar wer werom yn it pân dêr't it oait begûn.As postagintskip hat it syn plak fûn yn'e boekhannel Bruna.

Bron: Pleatslik Belang Grou