Musea

Musea yn Grou

Binne jo op syk nei in museum dêr't de moaiste en bêst bewarre geheimen fan Fryslân en Grou yn't bysûnder fine kinne? Of wolle jo mear wite oer mineralen en diamanten? Yn Grou kinne wy jo dêr alles oer fertelle.

Hert fan Fryslân

Yn it museum "Hert fan Fryslân"fine jo eksposysjes fan ferskate, typyske Fryske of Grouster tema's lykas de Halbertsma's en Sint Piter. Jo kinne in rûnlieding krije yn it museum of in nijsgjirrige "doarpskuier" meitsje troch it doarp. In kombinaasje fan beide is ek mooglik. Spesjaal foar de bern is der in projekt "Lytse Eeltsje". Bern krije boartsjendewei ynformaasje oer de Grouster dichter/skriuwer Eeltsje Halbertsma.

Mineralogysk Museum

Tusken Grou en Warten fine jo it Mineralogysk Museum. It museum leit ferskûle tusken de beammen en midden yn it greidlân. De grutte skuorre fan de âlde buorkerij is ferboud ta in karakterestyk museum. Yn de eardere stâl is in doalhôf fan gonkjes makke, dêr't ek fitrines stean. Yn 'e fitrines sjogge jo de mineralen mei prachtige kleuren en foarmen. Bergkristal,amethist, pyriet, swavel, woestynroazen, neam mar op. Fansels binne der ek echte edelstiennen lykas diamanten, robijnen en fluorescerende mineralen. In prachtige ûntdekking foar it hiele gesin!