Shopping

Mear dan 50 winkels

Wisten jo dat jo yn it hert fan Fryslân einleas sjoppe kinne? Jo binne fan herte wolkom yn it pitoreske sintrum fan wettersportdoarp Grou, wêr't mear dan 50 ferskate winkels festige binne. It sintrum is oersichtlik yndield en is ienfaldich te berikken fia de A32. Parkear jo auto fergees en ticht by it sintrum of stippelje jo rûte út oer de moaie Fryske marren.

Untdek de kwaliteit fan ús echte Fryske bakkers en de slachter, mar ek foar trendy skuon,wenaksessoires, klean en sels foar in modern brillemontuer kinne jo yn ús gesellige doarp terjochte. Us ûndernimmers litte jo graach sjen wat se foar jo yn hûs ha.

Foar de deistige boadskippen beskikt Grou oer trije supermerken. Ien supermerk is festige yn it sintrum (by de havens). De oare supermerken binne oan de râne fan it sintrum en binne sawol fanút it sintrum as per boat goed berikber.

Keapsneinen

Op snein 16 febrewaris 2014 en elke snein yn 'e moannen juny, july en augustus binne de winkels yn Grou iepen tusken 13.00 - 17.00 oere. De Jumbo supermerk is elke snein iepen fan 12.00 - 17.00 oere.

De keapjûn yn Grou is op freed tusken 19.00 en 21.00 oere. Lit jo oerrompelje troch ús fariearre winkeloanbod.