Jaarvergadering en filmavond Krite Grou

Jaarvergadering en filmavond Krite Grou

vrijdag 22 september 2017

We begjinne de jûn mei de jiergearkomste foar de Krite-leden, mar nei it skoft binne ek net-leden tige wolkom op in bysûndere filmjûn. Hoe makkest in film? Wat komt derby te sjen? Auke de Witte út Frjentsjer docht it ús graach út de doeken. Hy is al jierren lid fan de Ljouwerter filmklup Kleare Kimen en makket syn films mei stichting Willewurk. It binne net-kommersjele films wêrby’t professionals gearwurkje mei betûfte amateurs. De Witte skriuwt sels teksten en docht ek de rezjy.

Op ferskate filmfestivals binne films fan De Witte yn de prizen fallen, lykas de misdiedthriller Bak út 2015, nei in boek fan Sietze de Vries. De film wie te sjen by Omrop Fryslân. Op it Nova-Noord Filmfestival yn Haren wûn De Witte yn 2016 de earste priis mei de film Klem en yn 2017 mei de Frysktalige film Dilemma. Dilemma en noch inkele oare koarte films krije we dizze jûn te sjen. Ien fan de akteurs yn Dilemma wennet yn Grou en is der fansels by.

Tijd: 20.00 uur
Locatie: Oer 't Hout
Kosten: gratis toegang
Meer informatie: www.kritegrou.nl