Tryater - Doarp Europa by Van Vuuren

Tryater - Doarp Europa by Van Vuuren

zondag 21 oktober 2018

Tryater siket mei syn nije reisfoarstelling Doarp Europa mei in grutte groep fan spilers, muzikanten en dûnsers nei de ferhalen fan it Europeeske plattelân. Doarp Europa sil op ferskate wizen foar it fuotljocht brocht wurde: yn húskeamers en op in grutte lokaasje. It moaiste is om earst nei de húskeamerfersy te gean en dêrnei nei de grutte lokaasje. Foar de grutte foarstelling socht Tryater in yndustriële lokaasje dy't in bân hat mei it doarp. It waard Van Vuuren Deuren en we krigen dêr alle meiwurking. Fanwege de sintrale lizzing fan Grou komme der by Van Vuuren twa foarstellingen, ien op sneontejûn en ien op sneintemiddei.

Tijd: 15.00 uur
Locatie: Van Vuuren Deuren, J.W. de Visserwei 5
Kosten: Leden € 16,50, niet-leden € 18,00
Meer informatie: kritegrou.nl